Bedriuw fisket tsjin regels

19 jun 2008 - 20:15

Holland Shellfish, in dochterbedriuw fan it Harnser Lenger Seafoods, fisket op miljeu-ûnfreonlike wize foar de kust fan Afrika. Dat seit miljeuorganisaasje Greenpeace.

Holland Shellfish set ynkoarten út ein mei it fiskjen nei it saneamde Venusskulpdier yn Mauritaanje. Trochdat se meganysk fiskje, ferniele se de seeboaiem, sa seit Greenpeace. Earder soe dat al gebeurd wêze yn de Waadsee. Dit mechanyske fiskjen is derom ek ferbearn yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)