Bedriuw De Groot yn gefaar

24 jun 2014 - 16:40
  • Thom de Groot

It bedriuw fan biologysk boer Thom de Groot út Goattum wurdt mei de ûndergong bedrige. De subsydzje fan sa'n 18.000 euro dy't hy krijt foar agrarysk natoer- en lânskipsbehear wurdt ynlutsen. En dat betsjut dat it grutste part fan syn ynkomsten fuortfalt. Neffens de Rijksdienst voor Ondernemend Nederlând (RVO) hâldt De Groot him mei opsetsin net oan de regels dy't gearhingje mei de registraasje en sûnens fan syn bisten.

De Groot moast earder al sa'n 14.000 euro betelje om syn fee werom te krijen neidat dit yn beslach naam wie troch de RVO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)