Bedriuw Damwâld makket gasynstallaasje foar diselauto

20 jan 2015 - 14:42
  • Sa sjocht it dual fuel systeem der út ûnder de motorkap

Gasynstallaasjebedriuw Postma fan Damwâld hat tegearre mei in kollega út Brabân in gasynstallaasje ûntwikkele dy't geskikt is foar auto's mei in diselmotor. Oant no ta wie sa'n systeem allinnich beskikber foar auto's dy't op benzine ride. De makkers fan it saneamde 'dual fuel systeem' rjochtsje harren earst foaral op ynbou yn bedriuwsbuskes. Mar partikuliere auto's kinne der ek prima op ride, sa seit Postma.

It idee foar de kombinaasje fan disel mei gas komt út de skipfeart en it frachtferfier.

Yn skippen en frachtauto's wurdt de technyk al langer tapast. Foar lytsere auto's wie it oant no ta fierstente djoer. Troch de ûntwikkeling fan it nije systeem, dêr't oardel jier oan wurke is, kin it no folle goedkeaper. Postma hopet dit jier in pear hûndert ynstallaasjes te ferkeapjen yn Fryslân en Grinslân. Takommend jier wol hy de ferkeap oer hiel Nederlân útrôlje en fierder groeie nei sa'n 1.000 oant 1.500 gasynstallaasjes yn diselauto's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)