'Bedriuw Brandsma's gau frij'

11 mrt 2014 - 18:31

It bedriuw fan biologysk boerin Lamkje Brandsma fan Boalsert wurdt mooglik takom wike wer frijjûn. Brandsma moat hiermonsters fan harren fee kontroleare litte. Binne dy yn oarder, dan giet de blokkade der ôf. De Brandsma's hawwe dêr tiisdei in petear oer hân mei steatssiktaris Sharon Dijksma. De biologyske boerin is ien fan de saneamde earmerkwegerders.

Tagelyk hat Dijksma tasein dat yn de takomst ek opfolgers yn boerebedriuwen erkend wurde as earmerkwegerders. No is dat noch net it gefal. Dijksma sil hjirfoar it protokol oanpasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)