Bedriging yn supermerk

12 okt 2010 - 10:53

In Broeksterwâldster (42) en in Ljouwerter (38) binne moandei oppakt foar bedriging. Dat barde by in supermerk oan 'e Lieuwenburg yn Ljouwert.

De bedriuwslieder hie frege oft er yn 'e tas fan 'e manlju sjen mocht. De Ljouwerter waard lulk en bedrige de bedriuwslieder. De Broeksterwâldster bemuoide him dermei en dêrby waard de bedriuwslieder treaun. Bûtendoar koe de plysje de fertochten oppakke. Se binne fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)