Bedriging yn sintrum Ljouwert

30 jun 2008 - 09:40

De plysje hat sneintejûn yn Ljouwert in 36-jierrige man út Den_Haach en in 37-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De twa soene in 45-jierrige Ljouwerter mei in mes bedrige hawwe yn syn wenning oan de Bagijnestrjitte. Se woene syn jild hawwe. Lang om let naaiden se út mei in lyts jildbedrach en in mobile tillefoan.

De plysje koe de twa mânlju oan de hân fan in sinjalemint oanhâlden. Se binne oerbrocht nei it buro en sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)