Bedriging yn Sint Jansgea

20 aug 2006 - 16:43

De plysje hat sneontejûn in 38-jierrige ynwenner fan Sint Jansgea oanhâlden. De man hie eefkes dêrfoar in groepke ynwenners fan it doarp bedrige. De Sint Jansgeaster naaide út yn de rjochting fan Rottum.

Hy koe letter op de Streek yn syn wenplak oanhâlden wurde. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo. Dêr is bloed fan him ôfnaam om te ûndersykjen oft de man ûnder ynfloed fan drugs riden hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)