Bedriging yn Ljouwerter winkel

24 mrt 2002 - 00:00

Twa Ljouwerter manlju fan 57 en 61 jier hellen sneontejûn in kratsje bier yn in winkel oan it Cambuurplein. Se waarden lilk omdat se yn 'e rij wachtsje moasten en begûnen te razen.

It personiel fan de winkel frege de manlju om de winkel te ferlitten, mar it twatal wegere dit. De 57-jierrige luts in mes en bedrige it personiel. Beide manlju binne oanhâlden troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)