Bedriging yn kafee Noardwâlde

06 feb 2006 - 09:31

Twa ynwenners fan Noardwâlde binne freedtejûn oanhâlden foar bedriging. De twa fertochten (25 en 54 jier) hiene dy jûn in meiwurker (28) fan in kafee oan de Haadstrjitte-West yn Noardwâlde bedrige nei in skeel.

Dêrby smieten de fertochten in koperen jiskebak nei de holle fan it slachtoffer. De manlju naaiden doe út. De plysje ûndersiket de saak en moat noch inkelde belutsenen ûnderfreegje. De fertochten binne wer frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)