Bedriging yn achtertún

31 mrt 2014 - 10:18

In 31-jierrige man út in lyts doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân is troch de plysje oanhâlden foar bedriging. De man hie op sneintemiddei yn in achtertún oan de Jancko Douwamastrjitte yn Snits rûzje krige mei in 49-jierrige man út in oar lyts doarp. De 49-jierrige man soe bedrige wêze troch de fertochte.

De fertochte is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo foar ferhear. Dêr is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)