Bedriging PvdA-er Gulbasar

21 maaie 2004 - 00:00

Riedslid Gulbasar fan de Ljouwerter PvdA is troch jongeren fan de Nationale Alliantie bedrige en yntimidearre. De jongeren fan de nasjonalistyske partij hongen posters op tsjin it tatreden fan Turkije ta de EU en in poster mei de tekst 'Wij buigen niet voor de islam'.

Doe't sa'n 30 jongeren fan de partij besit namen fan de Nijstêd, belle Gulbasar freonen om net nei syn saak op de Nijstêd te kommen. Gulbasar wol dat boargemaster Dales de posters ferbiedt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)