Bedriging op Nyegeasterhoeke

22 maaie 2011 - 15:26

In 15-jierrige jonge út Nyegea is sneontejûn om sawat tsien oere mishannele op Nyegeasterhoeke troch trije jonges, De 15-jierrige wie mei freonen op it skelpepaad achter it doarpshûs doe't trije jonges op 'e fyts delkamen.

Troch noch ûnbekende oarsaak krigen de jonges wurden wêrnei't de fytsers ôfstapten. Ien fan harren pakte it slachtoffer fêst, goaide him om en gie boppe op him sitten. Dêrnei pakte er in mes en bedrige it slachtoffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)