'Bedriging net foar te kommen'

03 sep 2010 - 16:44

Ferfiersbedriuw Qbuzz tinkt net dat bedrigings lykas tongersdei yn lijn 20 tusken Ljouwert en Burgum te foarkommen binne. In ûnbekende man rôp healwei de rit dat er in bom by him hie en bedrige de tritich ynsittenden mei de dea.

Qbuzz hat op dit stuit in proef rinnen mei kameratafersjoch yn bussen. As dy posityf útpakt dan krije alle bussen fan it ferfiersbedriuw in kamera. Yn de bus dêr't de bedriging wie siet dy noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)