Bedriging mei wapen yn taksy

20 maaie 2007 - 14:32

In 43-jierrige man út Burgum is sneintemoarn yn syn wenplak oanholden om't er yn in taksy in man en frou út de Westerein mei in fjoerwapen bedrige hie. Wat dêrfoar krekt de oanlieding west hat, is noch net dúdlik.

Nei't de fertochte út de taksy stapte, waard de plysje warskôge. Dy hat de Burgumer thús oanholden. Syn wapen waard letter fûn yn de Frisiasingel. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)