Bedriging mei skroevedraaier

07 apr 2011 - 11:00

De plysje hat woansdeitemiddei op de Noarderhogewei yn Drachten in 33-jierrige ynwenner fan Kornhorn (Grinslân) oppakt. De man hie yn Himpens in 42-jierrige ynwenner fan dat doarp mei in skroevedraaier bedrige. De twa hiene in saaklik konflikt.

De fertochte naaide út in auto. In motorplysje seach him riden en hold him oan. De fertochte Grinzer sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)