Bedriging mei mes yn Kollum

21 aug 2006 - 10:34

In 26-jierrige ynwenner fan Kollum is sneintemoarn betiid oanhâlden op de Eyso de Wendstrjitte yn syn wenplak. De man hie eefkes dêrfoar ien in klap jûn op de Foarstrjitte yn it doarp. De man naaide dêrop út.

Twa meiwurkers fan in kroech seagen it en setten de efterfolging yn. De 26- jierrige Kollumer draaide him doe om en bedrige har mei in grut keukenmes. By syn oanhâlding hie er it mes noch by him. Hy is ynsletten op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)