Bedriging mei mes en bile

30 jun 2014 - 09:52

De plysje hat sneintejûn yn de Robinsonstrjitte yn Ljouwert in 47-jierrige man oanhâlden dy't yn in tún mei in bile en in mes stie te swaaien. Hy rôp bedrigings nei bewenners. Dy skeakelen de plysje yn.

Plysjes hawwe de man meinaam nei it buro. De bile en it mes binne yn beslach naam. It is noch ûndudlik wat krekt de oanlieding wie foar it gedrach fan de man. De man sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)