Bedriging mei mes by De Waach

11 okt 2012 - 10:41

Twa ynwenners fan Ljouwert binne fannacht op it Waachplein oanhâlden op fertinking fan bedriging. In 48-jierrige man en in 21-jierrige frou hiene op 'e Weaze rûzje mei in 32-jierrige Ljouwerter. Dêrby soe dy lêste bedrige wêze mei in mes. Hy belle 112 en de fertochten binne oanhâlden.

Op it plysjeburo die blike dat de 48-jierrige in mes by him hie. Boppedat hie de man ek noch kokaïne en XTC-pillen by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)