Bedriging mei mes

19 jun 2011 - 14:23

In 20-jierrige ynwenner fan De Wylgen is sneontenacht oanhâlden yn Drachten. Hy hie in 19-jierrige jongeman út Drachtsterkompenije mei in mes bedrige. Dy stie op de Noardkade mei in famke te praten. Nei de bedriging rûn de Kompenijster fuort en warskoge de plysje.

By de oanhâlding hie de fertochte in mes by him. Dat is yn beslach naam. Tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke. De 19-jierige hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)