Bedriging mei luchtbuks

27 sep 2009 - 14:18

In 50-jierrige Harnzer hat yn de Kotterstrjitte inkelde stedsgenoaten bedrige mei in luchtbuks. Yn de nacht fan sneon op snein wie er mei de buks de strjitte opgien. In 27-jierrige Harnzer belle de plysje.

Dy hie noch grutte muoite de man op te pakken. By syn arrestaasje skopte er ien fan de plysjes. Yn de wente is de buks fûn. De 50-jierrige Harnzer is oerbrocht nei it plysjeburo en fêstset yn de sel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)