Bedriging mei hammer en mes

18 feb 2008 - 10:56

In 60-jierrige Snitser is snein oanhâlden omdat er syn buorman bedrige hat mei in hammer en in mes. De Snitser sei dat er oerlêst hie fan syn 47-jierrige buorman.

Mei in hammer yn 'e hân wie er by de buorlju oan 'e doar kaam. De buorman pakte him fuortendaliks de hammer ôf. Doe helle de man in mes út 'e bûse, mar dat waard him ek ôfpakt. De plysje hat de Snitser meinaam nei it buro foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)