Bedriging gemeentekontroleurs

29 apr 2011 - 11:39

In 18-jierrige jonge út Oerterp is tongersdeitejûn yn Drachten oanhâlden nei't er kontroleurs fan de gemeente bedrige hie. De jonge fytste op it Van Knobelsdorffplein troch in fuotgongersgebiet en waard dêrop oansprutsen troch de kontroleurs.

De Oerterper die hiel ferfelend en bedrige de kontroleurs. De plysje waard warskôge en dy naam de 18-jierrige mei nei it buro. Om't er faker amtners bedrige hat, is de jonge fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)