Bedriging en wapenbesit

07 feb 2010 - 16:02

Yn Appelskea is sneon in 58-jierrige man yn syn hûs oanholden fanwege bedriging en ferbean wapenbesit. De man utere bedrigings yn in email oan in famyljelid. Hy skreau dêryn dat er wapens hie dêr't er syn bedriging mei útfiere soe.

De plysje naam de oanjefte serieus en koe de man yn syn hûs oanhâlde. Dêr trof de plysje in tal foarwerpen oan dy't op fjoerwapens liken en ek in grut mes en in luchtbuks. De man is ynsletten om neier heard te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)