Bedriging en wapenbesit

20 feb 2009 - 09:48

De plysje hat tongersdeitenacht sân minsken út Ljouwert oanholden fanwege bedriging en wapenbesit. De plysje hie in melding krigen oer lûdsoerlêst by it winkelsintrum oan de Brandemeer. Se troffen dêr in jonge (19) dy't sei dat er bedrige wie troch wat minsken.

De plysje hold koart dêrnei in auto oan, mei de fertochten deryn. Dy waarden fûljearre en de auto waard trochsocht. De plysje fûn in fjoerwapen, in honkbalkneppel, twa messen en in patroanhâlder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)