Bedriger gemeente oanholden

10 nov 2006 - 09:57

De plysje op it Hearrenfean hat in ynwenner fan dat plak oanhâlden foar it bedrigen fan de gemeente. De man easke yn in brief jild foar alle útkearingsgerjochtigden yn de gemeente. As dat der net komme soe, dan soe de man geweld brûke.

Nei ûndersyk wie de plysje al gau op it spoar fan de man. Yn syn hûs waard it briefpapier fûn en ek syn hanskrift kaam oerien mei dat fan de brief. De man hannele út frustraasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)