Bedrige plantsje op Flylân fûn

30 aug 2007 - 12:43
  • It hast útstoarne sinneroaske (foto: Wim van Wijngaarden)
  • It plantsje yn it wyld op Flylân (foto: Thea Spruijt)

Op Flylân is in plantsje ûntdutsen dat hast útstoarn is. It giet om it flekte sinneroaske dat yn Nederlân hast net mear foarkomt. De stichting Floron hat it nijs fan de fynst bekendmakke. Floron ûndersiket wylde blommen en planten yn Nederlân.

Mei it sinneroaske gie it de lêste jierren hiel min. Eartiids kamen de plantsjes in soad op 'e Waadeilannen foar. De ûndersikers hawwe no op Flylân mear as fyftich eksimplaren fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)