Bedrige om in pear karbonades

13 nov 2007 - 09:50

In ynwenner (58) fan Kollumersweach is moandei oanhâlden om't hy in pear karbonades stellen hie by in winkel oan de Foarwei. Doe't it personiel fan de winkel frege of't de man syn tas iepenmeitsje woe, wegere hy dat.

De man luts in mes en bedrige de fjouwer meiwurkers. Dêrnei naaide er út. Even letter is er thús oanhâlden troch de plysje en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)