Bedrige nei soarch om hûn

10 des 2001 - 00:00

In Kollumersweachster is sneon yn syn wenplak bedrige troch in ûnbekende. De man hie yn it foarbygean mei de auto in hûn licht rekke.

Doe't de automobilist stoppe en frege oft alles goed wie mei de hûn, kaam de eigner swaaide mei in mes op him ôf. De automoblist gie gau wer de auto yn. De hûne-eigner stuts noch mei it mes op de auto en skopte dêr tsjinoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)