Bedoeling Eala! útlein

17 des 2005 - 17:36

De provinsje besiket mei in brief mear dúdlikheid te jaan oer de kulturele nijsbrief Eala! It bledsje wurdt trije kear yn it jier fergees ferspraat by gemeenten, skoallen en kulturele ynstellings. Benammen skoallen fregen har ôf wat se krekt mei de provinsjale nijsbrief oan moasten.

Yn de brief by de twadde útjefte stiet dat mear minsken berikt wurde moatte mei kulturele uterings en dat skoallen mear mei kultuer dwaan moatte soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)