'Bêden yn MCL net smoarch'

30 jan 2001 - 16:31

PR-man Frits Mostert fan it MCL yn Ljouwert sprekt tsjin dat de bêden yn it sikehûs smoarch binne. De lekkens en sa wurde al sûnt lange tiid nei tefredenens wosken troch in waskerij yn Boalsert.

Iennige feroaring is dat de bêden sûnt koart net mear troch in 'waskstrjitte' gean, mar mei de hân dien wurde. Neffens Mostert dogge alle sikehuzen dat en jilde hjir lanlike kwaliteitseasken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)