Bêden fuort by Tjongerschans

03 jan 2006 - 16:47

By it Tjongerschans-sikehûs op it Hearrenfean ferdwine inkelde tsientallen sikehûsbêden. It giet om bêden op de ôfdielingen dêr't minsken foar langere tiid ferpleechd wurde kinne. Neffens direkteur Van Leerzem wurde de opnames yn it sikehûs koarter en komme der hieltyd mear deibehannelings.

Der binne gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid: ferpleechkundigen wurde op oare ôfdielings ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)