Beda en Lazaro fuort by Fean

10 aug 2010 - 13:50

De Braziliaanske fuotballers fan Sportklup Hearrenfean, Pedro Beda en Lazaro, ferlitte de klup. It kontrakt fan de twa rûn noch oant 2011 mar is fuortendaliks beëinige. Beda waard ferline jier ferhierd oan Emmen, mar dêr waard hy fuortstjoerd, nei lijen mei trainer Sinkgraven.

Beda en Lazaro waarden sjoen as grutte talinten, mar makken it nea wier. Beda mocht twa kear ynfalle, wylst Lazaro gjin ien kear útkaam foar it earste team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)