Bêd & brochje oan de Ljouwerter Oksekop berôve

02 apr 2015 - 12:21
  • Ynbraak

Ynbrekkers hawwe tongersdeite moarn in bêd & brochje oan de Oksekop yn Ljouwert berôve. Ien fan de bewenners waard wekker en stie doe each yn each mei in ynbrekker. Dy hat tegearre mei in oare man twa laptops, in iPad, autokaaien en sieraden meinaam. Ek hawwe se laden en kasten oeral helle. Om der yn te kommen, hawwe se in rút fernield.

Op it momint fan de ynbraak wienen der gjin gasten yn it bêd & brochje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)