Beaujolais ophelje út Frankryk

15 nov 2005 - 07:47

De 10e edysje fan de Beaujolais Trophy is fan start gien fanút Landgoed Lauswolt yn Beetstersweach. In kolonne fan 57 klassike auto's is ûnderweis nei Frankryk om de jongste flessen Beaujolais Primeur 2005 op te heljen. Yn fjouwer dagen tiid wurdt der 2000 km riden.

De finish is woansdeitejûn by Autoland Van den Brug yn Drachten. Nei de huldiging makket boargemaster Van der Zaag de earste fles Beaujolais iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)