Beatrix woe gjin Frysk kostúm ha

09 sep 2000 - 19:09

Keningin Beatrix betanke foar it oanbod om in Frysk kostúm op maat te krijen. Pilat, eigner fan it kostúmmuseum yn Noardhorn, die har de oanbieding by de iepening fan Simmer 2000.

Pilat wist dat it keninklik hûs juwielen hat dy't by de klean passe. Yn in brief liet de sekretaresse fan Beatrix witte dat se gjin Frysk kostúm hoecht, sûnder oan te jaan wêrom't se it oanbod wegere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)