Beatrix: sykje nei tolerânsje

25 des 2002 - 00:00

Keningin Beatrix die in oprop ta tolerânsje yn har krysttaspraak. Se makke ek in persoanlike noat. It ôfrûne jier hat djip yngripend west foar har famylje. In brulloft, berte, doop en dea binne oan har foarbygien.

We moatte sykje nei echte ferdraachsumheid, sa sei de keningin. Dat begjint mei harkje nei de oar en de oar kennen leare. Us maatskippij freget om geduld en kreativiteit by it sykjen nei nije foarmen fan mei-elkoar libje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)