Beatrix praat mei riders op WK

24 mrt 2012 - 14:06

Keninginne Beatrix hat sneon mei ferskate reedriders praten by de WK ôfstannen yn Thialf. De Keninginne kaam even foar tolven oan om de 1000 meter by te wenjen. Se waard ûntfongen troch kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma, KNSB-foarsitter Doekle Terpstra en boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean. Foar de besite waard it hiele stadion troch feiligheidsmeiwurkers trochsocht op fertochte pakketsjes.

De keninginne wie allinnich by de 1000 meter, de oare ôfstannen folge se net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)