Beatrix op starteilân

11 aug 2010 - 14:23
  • (foto: Omrop Fryslân)

Keninginne Beatrix is woansdei earder as neffens it programma ferwachte oankommen by it starteilân yn de Snitsermar. De keninginne is dêr, yn ferbân mei it 75-jierrich bestean fan de Snitswike.

Beatrix kaam oan mei har jacht De Groene Draeck. Ek boargemaster Apoteker en kommissaris Jorritsma farden mei har mei. Op it starteilân prate Beatrix mei de wedstriidlieding fan de Snitswike. Krekt foar twaen is de keninginne wer fuortgien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)