Beatrix moetet Grutte Pier

31 mrt 2008 - 11:57
  • Kaart fan 'e keninklike route yn Makkum
  • Alles stiet yn in tsjok draaiboek

Keninginne Beatrix krijt op 30 april in 'pittich' programma by har besite oan Makkum en Frjentsjer. Allinnich al yn Makkum bestiet de besite fan in oere út mar leafst 26 aktiviteiten.

Yn Makkum kin de keninklike famylje yn de kunde komme mei Frysk damjen, mei frijheidsstrider Grutte Pier en mei Menno Simons. Yn Frjentsjer wurdt keatst en is ek omtinken foar de Alvestêdetocht. Nynke Laverman sil de keninklike besite sjongend ôfslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)