Beatrix komt nei de hurdsyldei

14 jul 2010 - 12:17
  • Keninginne Beatrix oan it roer fan De Groene Draeck (foto RVD)

Keninginne Beatrix komt dit jier nei de hurdsyldei yn Snits. Se komt op woansdeitemiddei 11 augustus by de 75e Snitswike op de Snitsermar.

Keninginne Beatrix sil mei har boat de Groene Draeck oanlizze oan it Starteilân. Se sil ek in koarte besite bringe oan de Keninklike Wettersportferiening Snits. De Snitswike is fan 6 oant en mei 12 augustus. It hurdsilen bliuwt foarop stean, mar fanwege it jubileum binne der dit jier ekstra aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)