Beatrix iepenet skoalle Amelân

09 okt 2013 - 11:59
  • De fernijde Boargemaster Waldaskoalle

Prinses Beatrix iepenet op 1 novimber de nije Boargemaster Waldaskoalle yn Nes op It Amelân. Op it plak fan it 60 jier âlde skoalgebou is ferline jier in nije skoalle boud. It gebou is enerzjyneutraal, de tsjettel wurdt op hout stookt, it ôffalwetter wurdt opnij brûkt en der lizze sinnepanielen op it dak.

Skoallemienskip Walda is de iennichste skoalle foar fuortset ûnderwiis op it eilân. Der sitte 180 bern op dy't alle nivo's vmbo folgje kinne. Oant en mei de 3e klasse is der ek ûnderwiis op havo- en vwo-nivo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)