Beatrix iepenet provinsjehûs

22 maaie 2012 - 16:52
  • Beatrix

It fernijde provinsjehûs is tiisdeitemiddei offisjeel iepene troch keninginne Beatrix. Om healwei fiven draaide se yn it provinsjehûs de Fryske flagge yn top. Mei dy hanneling ûntbleate se boppedat in harnas fan keramyk, makke troch Koninklijke Tichelaar út Makkum. Dêrfoar wie der in byienkomst yn de histoaryske steateseal mei ûnder oaren de earste 'Rede fan Fryslân' en in optreden fan sjonger Gerrit Breteler.

De belangstelling wie grut. Dat kaam foaral troch de meiwurking fan in grut koar fan mear as 2000 sjongers mei in spesjaal liet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)