Beatrix iepenet nije gebou CJIB

23 maaie 2002 - 00:00

Keningin Beatrix iepenet 5 juny it nije gebou fan it CJIB yn Ljouwert. It Centraal Justitieel Incasso Bureau ferwurket alle ferkearsboetes. Tsien jier lyn is it beteljen fan boetes sintralisearre.

Dy oanpak wurke, it buro groeide al mar en der moast nijbou komme. Yn it nije pân op it Marnixterrein tsjinoer it FEC is plak foar seishûndert wurknimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)