Beatrix iepenet nijbou CHN

29 sep 2004 - 09:24

De nijbou fan 'e CHN yn Ljouwert wurdt tiisdei offisjeel iepene troch Kenginne Beatrix. De Kristlike Hegeskoalle fiert tagelyk it 100-jierrich bestean fan it kristlik heger beropsûnderwiis yn Noard-Nederlân.

De ôftraap fan de fiering is yn Grins by it nije gebou fan de learare-oplieding, ek fan de CHN. Boargemaster Wallage sil it earste eksimplaar fan it lustrumboek 'Honderd Jaren' yn ûntfangst nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)