Beatrix: elegânsje en gefoel

28 jan 2013 - 19:30
  • Keninginne Beatrix by har taspraak yn paleis Huis ten Bosch

In frou mei elegânsje en gefoel, dy't boppedat bysûnder goed ynformearre is. Sa omskriuwt boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân keninginne Beatrix. De keninginne wie it ôfrûne jier in pear kear yn Súdwest-Fryslân te gast, de lêste kear foar it iepenjen fan it Snitser teater.

Kommissaris fan 'e Keninginne Jorritsma is fol lof oer de profesjonaliteit fan de keninginne. Neffens him hie Beatrix in bysûndere bân yn Fryslân. 'In bysûnder belutsen keninginne', sa seit Jorritsma. Bearn Bilker neamt har 'de bêste monarge ea'.

De bestjoerders binne fol betrouwen dat de kroanprins it goed dwaan sil as kening. 'Willem-Alexander is der hartstikke ree foar', fynt boargemaster Apotheker. Kommissaris Jorritsma tinkt ek dat de kroanprins en syn frou klear binne foar it keningskip.

Foar in soad gewoane Friezen komt it berjocht oer de troansôfstân dochs noch as in ferrassing. Dat die ûnder oare bliken op it Ljouwerter stasjon. Yn de reaksjes oerhearskje de wurdearring foar keninginne Beatrix en it betrouwen dat Willem-Alexander it goed dwaan sil. De minsken gunne it keninginne Beatrix ek dat se it wat kalmer oan dwaan kin, no't se 75 jier wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)