Beatrix Doezum wint konkoers Surhústerfean

23 nov 2014 - 11:28
  • OMF konkoers yn Surhústerfean
  • De winners fan de koraalpriis, links Oranje út Spannum en rjochts CWO út Grins

Oranje Spannum ûnder lieding fan Christina van der Bijl krige sneon de priis foar de 5e en 4e divyzje foar it bêste ynspylwurk op it neijierskonkoers foar blaasorkesten. Yn Surhústerfean dienen santjin orkesten har bêst om safolle mooglik punten fan de sjuery te krijen.

Foar de hegere divyzjes wie de ynspylwurkpriis foar it CWO fan Grins ûnder lieding fan Thom Zigterman. De Akkrumer waard ek yn it sintsje set troch foarsitter Durk Dam fan it OMF om't er in komponistepriis yn België wûn hie.

Oer de hiele dei wie de heechste skoare fan 86,16 foar CMV Beatrix fan Doezum. It konkoers wie te folgjen fia www.omroplive.nl. De hiele dei is dêr in soad gebrûk fan makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)