Bearn Bilker wol hege opkomst

17 feb 2014 - 16:32
  • Boargemaster Bilker oan it posterplakken yn Sweagerbosk
  • De boargemaster wol graach mear stimmers as yn 2010...

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân fiert kampanje foar de kommende gemeenteriedsferkiezings. Net foar it CDA, mar foar syn doel om in hegere opkomst te krijen as by de ferkiezings fan 2010. Doe gie 54 % fan de stimgerjochtigde ynwenners nei it stimlokaal. Bilker fynt dat persintaazje te leech.

Om't Bilker him soargen makket hat hy posters meitsje litten mei de tekst: Help uw gemeente aan een hoge opkomst! De earste poster waard moandei troch de boargemaster sels op in ferkiezingsboerd yn Sweagerbosk ophongen.

Foarôfgeand oan de ferkiezingsdei krije ynwenners fan Kollumerlân ek noch in persoanlik brief mei de oprop om op 19 maart foaral te stimmen. Fierder komt der ek noch mei in ferrassingsaksje, sa seit Bilker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)