Bearn Bilker: "Betize minsken flotter en saakkundiger helpe"

04 jan 2016 - 23:01
  • Betize man fermoarde foarich jier in frou yn Ljouwert

Der wurdt yn it noardlik plysjedistrikt wurke oan in mienskiplike oanpak fan betize minsken, dy't gjin soarch mear krije en op strjitte bedarje. De oerlêst dêrfan nimt ta, fernimme ek de Fryske boargemasters.

Ferline jier stuts in betize man yn Ljouwert noch in frou dea en ek boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân is ferline jier konfrontearre mei hiele ferfelende situaasjes. Dat is net allinnich ferfelend foar de omjouwing, mar ek foar de minsken dy't sels problemen hawwe.

Dêrom wurde der ôfspraken makke om dy minsken gauwer en saakkundiger oan in helpferlienende ynstânsje te helpen. "Want sa't it no giet, kin it net langer", fynt Bilker. De nije oanpak moat noch dit jier yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)