Beareloop stiet mooglik faai

31 okt 2013 - 11:33

It troch gean fan de 17e edysje fan de Beareloop op Skylge stiet mooglik faai. Dat hat te krijen mei de waarsferwachting. Neffens Piet Paulusma wurdt der foar snein hurde wyn en tonger ferwachte. As dat der komt, dan wurdt it dreech om de Beareloop troch gean te litten. It KNMI is folle mylder yn de waarsferwachting. Sy ferwachtsje in wynkrêft fiif, dy't ek noch ôfnimme sil snein. As dy foarsizzing útkomt, dan kin de Beareloop sûnder problemen troch gean. De organisaasje hâldt mei ferskate partijen de ûntjouwings skerp yn de gaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)