Beareloop skrast maraton

02 nov 2013 - 18:27

De organisaasje fan de Beareloop op Skylge hat besletten om de maraton en de jeugdrin te skrassen. Sneintemoarn om 8 oere wurdt besletten oft de heale maraton trochgiet. De organisaasje hat dit besletten fanwege de minne waarsferwachting. Der wurdt foar snein stoarm ferwachte. Fanwege de stoarn kin de feiligens fan it parkoers troch it bosk net garandearre wurde. Boppedat bestiet troch de kombinaasje fan stoarm en reinwetter it gefaar fan ûnderkuolling.

Op Skylge binne ûnfoldwaande medyske foarsjennings om grutte kloften op te heinen.

De oanwêzige foarsjenning kinne no optimaal brûkt wurde foar de heale maraton. It muoit de organisaasje tige de maraton en de jeugdrin skrasse te muotten, mar hopet dat de dielnimmers hjir begryp foar opbringe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)